Streppel: ''We moeten eerst vertrouwen krijgen''

22 des 2017 - 11:00

SC Hearrenfean spilet sneon de lêste kompetysjewedstriid fan de earste seizoenshelte yn Alkmaar tsjin AZ. Ferline wike hawwe de Feansters mei 1-0 fan NAC Breda wûn, en dat jout it nedige selsbetrouwen, al wie it fuotbal net goed. De lêste wiken kiest trainer Jurgen Streppel foar in mear ferdigenjende spulwize, want it resultaat is hillich. Streppel: "We moeten eerst vertrouwen krijgen en minder weggeven. Het voetbal moet beter, dat weten we als geen ander. Maar we hebben gewonnen van NAC en dat geeft vertrouwen."

AZ

AZ, hat him dizze wike foar de sânde kear op rige pleatst foar de kwartfinale fan it lanlike bekertoernoai. Dêryn nimme de Alkmaarders it op tsjin PEC Zwolle. AZ stiet op dit stuit op it tredde plak yn de Earedifyzje. SC Hearrenfean stiet achtste. "AZ speelt hetzelfde zoals wij dat willen. Daarin zijn ze wat volwassener. Maar als wij goed aan de bal zijn, kunnen we het AZ heel moeilijk maken", sa seit Streppel.

(Advertinsje)
(Advertinsje)