PVV docht mei oan gemeenteriedsferkiezingen Achtkarspelen

De riedseal fan de gemeente Achtkarspelen © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De PVV docht yn Achtkarspelen definityf mei oan de gemeenteriedsferkiezingen kommend jier. It is de iennichste gemeente yn Fryslân, dêr't de partij fan Geert Wilders oan de ferkiezingen meidocht. De partij skoarde by de lêste Steate- en Twadde Keamerferkiezingen goed yn dizze gemeente. Fan de kiezers stimde mear as 15 prosint op de PVV.
De kandidatelist is neffens provinsjaal fraksjefoarsitter Max Aardema bekend, mar wurdt pas letter nei bûten brocht. "Wy hâlde ús minsken noch efkes út de wyn, mei sjoen wat der by Cees Riezebos gebeurde.'' Aardema doelt hjirmei op de bekladding mei anty-PVV gjalpen fan de hoarekasaak fan it Hylper Steatelid Riezebos, ein novimber.
Neffens Aardema soargje ditsoart aksjes der foar dat minsken somtiden ôfhâldend binne om har kandidaat te stellen. "Oan de oare kant binne der ek minsken dy't sizze: wat sille we no belibje. Dy stelle harren just kandidaat.''