Minste oantal wenningynbraken yn Fryslân en Seelân

© Omrop Fryslân
Yn Fryslân en Seelân binne it minst oantal wenningynbraken fan Nederlân. Neffens de risikomonitor wenningybraken fan it Verbond van Verzekeraars wurde yn beide provinsjes 5,1 skeaclaims op de 1.000 húshâldens yntsjinne. Yn Limboarch waarden mei 11 claims op de 1.000 húshâldens de measte ynbraken registrearre.
Foar it earst yn jierren is der in stiging yn it oantal wenningynbraken. Fersekerders krigen ferline jier hast 64.000 claims binnen, 3.000 mear as it jier derfoar.