SC Cambuur treft FC Twente yn kwartfinale KNVB-beker

22 des 2017 - 08:57

SC Cambuur treft FC Twente út yn de kwartfinales fan de KNVB-beker. Dat hat de lotting tongersdeitejûn útwiisd. Cambuur en Twente troffen elkoar ien kear earder yn it bekertoernoai en doe wûn Twente mei 3-1. Cambuur is yn de kwartfinale de iennige klup dy't oerbleaun is út de Jupiler League.

Algemien direkteur Ard de Graaf fan Cambuur is tefreden mei de lotting. "FC Twente is een schitterende club met een prachtige historie. Ze hebben een schitterend stadion met sfeer, waar je graag wilt spelen als voetballer. Daar is niks mis mee."

De wedstriden yn de kwartfinale fan de KNVB-beker wurde tiisdei 30 jannewaris, woansdei 31 jannewaris en tongersdei 1 febrewaris spile. De KNVB tinkt freed it programma bekend meitsje te kinnen.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal KNVB-beker
(Advertinsje)
(Advertinsje)