Kollum: "It ljocht"

22 des 2017 - 08:35

"Takom wike is it kryst. Ik ha as bern fansels al dy ferhalen oer Josef, Maria, Jezus, de ezel, Betlehem en de stjer wol meikrigen mar ik hie it measte mei de ezel en fierder tocht ik der ek net hiel bot oer nei. It wie no ien kear sa. Wier of net wier en we hiene frij.

Mar geandewei de jierren tocht ik der wolris oer nei as it wer safier wie. It is gewoan sa'n algemien bekend ferhaal, mar hoe kin in frou no swanger reitsje fan 'e wyn? Ik ha my altyd ôffrege wa't God is. It Universum? In boaze man dy't oeral skande fan praat? Binne froulju yn syn eagen minderweardich of is it immen dy't ien en al leafde is en hawwe de minsken it ferhaal al dy jierren ferdraaid, omdat it harren better útkaam?

Ik bin sûnder bibel grut wurden en koe gelokkich wêze wa't ik bin. Mar hoefolle minsken binne der wol net opgroeid mei it idee dat alles in sonde is? Dat je oeral foar straft wurde, dat God alles sjocht en heard en dat je net hâlde meie fan immen dy't by in oare tsjerke heart? Lokkich is der yntusken in soad feroare en is it allegear net sa koartsichtich mear, mar der binne hiele generaasjes troch ûnderdrukt en dat bart noch.

En dan de rol fan froulju yn 'e katolike tsjerke. Derfan útgeande dat Jezus echt bestien hat en Maria Magdelena syn frou wie, is sy wol ôfskildere as in hoer. Dat hawwe se besocht rjocht te setten troch har letter deselde status te jaan as de oare tolve apostels, mar dêr hawwe alle generaasjes froulju dy 't hjir ûnder te lijen hân ha, neat mear oan. En ik tink dat in negatyf stimpel fan it leauwen hiel djip sitte kin, generaasje op generaasje, ek al is it no oars.

Ik moat der net oan tinke dat je net folút leafhawwe kinne sûnder dat je dêrfoar straft wurde, krekt as de heksen mei har leafde foar de natoer. Ferbaarnd en fernedere omdat se heidenen wiene dy't kontakt hiene mei de duvel en oanfierd waarden troch in heidenske Goadinne. Foar de kerstening wie dat hiel normaal. Minsken libben mei en fan de natoer en se hiene ferskate goaden dy't se oanbidden en de Goadinne wie dêr in hiele wichtige fan. De balâns tusken it froulike en it manlike wie oanwêzich en de kennis fan de astrology wie grut.

Druïden, Maya's, Yndianen, heksen en oare natoerfolken hiene safolle wiisheid oer hoe't it libben echt yn elkoar stekt, mar der is besocht om dy kennis by de minsken wei te hâlden. Sa boppe, sa ûnder... dat wol sizze, de stân fan de planeten, stjerren, moanne en sinne bepaalt alles op ierde en God is neffens my dan ek it Universum. Mar omdat wy likegoed ûnderdiel binne fan alles dat is, binne wy ek godlik. En as je dan witte hoe't je gebrûk meitsje kinne fan de ûneinige wize enerzjy fan it Universum, dan kinne we allegear ús eigen magyske libben kreëarje.

Ik leau wol dat Jezus bestien hat en dat it Kristendom fan oarsprong in positive en leafdefolle streaming is, mar ik leau ek dat se der al yn 'e tiid fan de Romeinen in pr-stunt fan makke ha om it folk te ûnderdrukken. En sjoen nei de heidenske feestdagen, hawwe se de kristlike allegear om deselde tiid hinne weve. Ik kies der yn dizze perioade ek foar om te fieren dat it ljocht berne wurdt, mar dan bedoel ik de sinne. De dagen langje aanst wer en dat is wol in feestje wurdich.

Fijne dagen."

Trefwurden: 
De Toan fan Hilda Talsma
(Advertinsje)
(Advertinsje)