Twivel oer ûndersikers dongsilodrama Makkingea

22 des 2017 - 08:24
De dongsilo yn Makkingea dêr't trije deaden foelen - Foto: ANP

It team fan deskundigen dat it deadlik ûngelok yn in dongsilo yn Makkingea ûndersocht hat, wurdt opnij heard. Dat hat it gerjochtshôf yn Ljouwert bepaald. De ûnôfhinklikheid fan de ûndersikers út Wageningen wurdt yn twivel lutsen. De deskundigen soene bannen ha mei it bedriuw, dêr't de eigener fan de silo foar wurke. It is noch net bekend wannear't de ûndersikers ûnderfrege wurde.

By it dongsilodrama yn Makkingea kamen op 19 juny 2013 trije manlju om it libben en rekke ien swier ferwûne. Dat kaam troch giftige gassen, dy't frijkamen by it skjinmeitsjen fan de silo. De eigener fan it skjinmakbedriuw waard feroardiele foar it deadlik ûngelok, mar tekene heger berop oan.

(advertinsje)
(advertinsje)