UPDATE: Treinen ride wer tusken Ljouwert en Grins

22 des 2017 - 06:57
Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De treinen tusken Ljouwert en Grins ride wer neffens tsjinstregeling. Ek op it trajekt tusken Hurdegaryp en Ljouwert is it treinferkear wer op gong kaam. Earst waarden dêr noch bussen ynset.

Troch in sein- en wikselsteuring wie der earder dizze freedtemoarn gjin treinferkear mooglik tusken Ljouwert en Grins. Arriva sette bussen yn op it trajekt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)