UPDATE: Man (61) fermist, rinnende fuortgien út sikehûs

22 des 2017 - 06:41

De plysje yn Drachten siket sûnt tongersdei nei de fermiste 61-jierrige Sake Bosch. De man is moarns om sân oere rinnendewei fuortgien út sikehûs Nij Smellinghe. Bosch is 1,70 meter lang en hat in slank postuer. Fierder hat er in spikerbroek mei trui oan en in bril mei rûch montuer op. Opfallend is dat er gjin jas oan hat. Bosch kin betize oerkomme. Wa't him sjocht, kin 112 belje.

Der is in persoan, dy't foldocht oan de skaaimerken, sjoen yn de omkriten fan winkelsintrum De Greiden oan de Jister op It Hearrenfean. Dat is mooglik de persoan dy't wei is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)