Auto mooglik yn brân stutsen yn Appelskea

22 des 2017 - 06:24
Foto: De Vries Media

De plysje ûndersiket mooglike brânstichting fan in auto yn Appelskea. In op de Industriewei parkearre auto fleach tongersdeitenacht yn de brân. De auto rekke swier skansearre. Nei it blussen fûn de brânwacht in stik plestik op ien fan de bannen. De resjerzje sil de saak freed fierder ûndersykje.

Trefwurden: 
autobrân Appelskea
(Advertinsje)
(Advertinsje)