Bou gemaal Fiifhuzen sjit aardich op

21 des 2017 - 23:22

De bou fan it nije gemaal tusken Marrum en Hallum ferrint neffens skema. Der is in betonnen bak fan sa'n 8 meter heech yn de dyk peatst. Dizze bak sil deselde hichte en feiligens krije as de seedyk. In betonnen daamwand makket in skieding tusken de boezem en de polder. It gemaal sil letter sawol de boezem als de polder bemealje.

It gemaal is dêrmei in plus foar de natuer, seit Jan Jelle Jongsma fan it Fryske Gea. "Foar in soad fisk lykas de iel en de stikelbears wurdt it tanksij it gemaal mooglik om fan de Waadsee it binnenlân yn te swimmen en letter ek wer werom te gean." It Fryske Gea ferwachtet dat it gemaal in toeristike lûker wurdt. "De moaie griene seedyk, in pearel fan in gemaal mei dêrachter it kweldergebiet, dat is mei-inoar hartstikke moai.". Ein takommend jier sil it gemaal klear wêze.

Trefwurden: 
gemaal Fiifhuzen
(Advertinsje)
(Advertinsje)