"Heech mei net fertutearzje"

21 des 2017 - 23:09

It doarp Heech moat opknapt wurde. Ferskate stikken fan it doarp ferrommelje op dit stuit. En dat moat feroarje, fynt de wurkgroep Mooi Heech. Tongersdeitejûn presintearre dizze groep, dy't bestiet út ynwenners fan it gebiet, plannen om it doarp moaier, oantrekliker en better tagonklik te meitsjen. "As we net oppasse litte de toeristen Heech aansens links lizze", seit wurkgroeplid Kees van Eck.

Spearpunten yn de plannen binne nije bestrating, mear grien, bankjes en in bettere tagonklikheid foar minsken mei in beheining. In begrutting foar de plannen is der noch net. Dy wurdt de kommende tiid opsteld. De groep is wol hastich. Van Eck hopet dat it earste diel fan de opknapbeurt takom maaitiid al plak fine kin. Wethâlder Mirjam Bakker fan Súdwest-Fryslân, dy't by de presintaasje oanwêzich wie, is entûsjast oer de plannen. Mar se moatte noch wol fierder útwurke wurde en der moat in goede begrutting komme. Oars kin de gemeente der net mei oan de slach, seit de wethâlder.

Trefwurden: 
fertutearzje ferrommelje
(Advertinsje)
(Advertinsje)