Besikersrekôr foar Kazemattemuseum Koarnwertersân

It Kazemattemuseum yn Koarnwertersân © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
It Kazemattemuseum by Koarnwertersân slút it jier 2017 ôf mei in rekôrtal besikers. It museum krige dit jier 14.050 minsken oer de flier. It museum tinkt dat dit benammen komt troch de rommere iepeningstiden yn de simmermoannen. Yn de fakânsjeperioade is it museum seis dagen yn 'e wike iepen fan tiisdei oant en mei snein. De drokste moanne wie augustus mei 3970 besikers.
Yn de maaitiid, en benammen yn de moannen april en maaie, krijt it museum in soad skoalbern oer de flier, faak yn groepsferbân. It Kazemattemuseum hâldt de kommende tiid rekken mei noch fierdere groei. Troch de iepening fan it Ofslútdyk Wadden Center, ek yn Koarnwertersân, en de oanlis fan de fiskmigraasjerivier, rekkenet it museum op noch mear folk. It museum wol dy opheine troch faker iepen te wêzen en ek it tal frijwilligers út te wreidzjen.