Kwaliteit Frysk bûtenwetter ferbetteret net mear

21 des 2017 - 22:43

Undersyksynstitút NMI út Wageningen moat útsykje wêrom't it wetter yn Fryslân de lêste jierren net mear skjinner wurdt. Ut ûndersyk fan ûnder oare Wetterskip Fryslân docht bliken dat it yn lanlike gebieten minder goed giet mei de wetterkwaliteit as faak tocht wurdt. Nei in perioade fan strukturele ferbettering is it oanpart stikstof en fosfaat yn it wetter de lêste tsien jier hast net mear fermindere. En dat wylst boeren en it wetterskip der fan alles oan dogge om it skjinner te meitsjen.

It wetterskip wol no, yn gearwurking mei Stichting Mesdag Zuivelfonds, dat him ynset foar it ferbetterjen fan de kwaliteit fan de molke, útsykje hoe't it komt dat it wetter net skjinner wurdt. Beide partijen tinke dat der takom maaitiid al resultaten bekend wurde. Dat seit Jan van Weperen, bestjoerslid fan Wetterskip Fryslân. Hy hopet dat de resultaten hânfetten opsmite om de problemen oan te pakken. Ek kinne se brûkt wurde as basis foar fierder ûndersyk.

(advertinsje)
(advertinsje)