Rjochter leit wurk oan iisfontein Dokkum stil

21 des 2017 - 21:40

It wurk oan de iisfontein yn Dokkum is op lêst fan de rjochter stillein. Wethâlder Albert van der Ploeg hat dit tongersdeitejûn bekend makke yn de gemeenteried fan Dongeradiel. De rjochter hat in boustop ôfkundige foar in perioade fan seis wike. "Seis wike is wol in hiel soad", seit Albert van der Ploeg yn in earste reaksje. Hy sil freed besjen watfoar stappen de gemeente fierder nimme moat om de werynrjochting fan de Merk, dêr't de iisfontein in ûnderdiel fan is, yn goede banen te lieden. Troch de de boustop komt de planning fan it projekt no wol yn gefaar, want de proseduere moat no wer oerdien wurde.

In ûndernimmer oan de Dokkumer Merk hie de rjochter frege om it wurk stil te lizzen, omdat se it net iens binne mei de werynrjochting fan it plein en de komst fan de iisfontein. De Dokkumer iisfontein wurdt útfierd yn it ramt fan it projekt 11Fountains fan Kulturele Haadstêd LF2018. Dy wol alle alve fonteinen op freed 18 maaie 2018 tagelikertiid feestlik yn gebrûk nimme. Oft dy datum yn Dokkum noch helle wurde kin, is noch net dúdlik. Undernimmer Johan Talsma sammele ferline jier in soad hantekeningen tsjin de werynrjochting fan de Dokkumer Merk en de iisfontein. Hy seit yn in earste reaksje "bysûnder bliid" te wêzen mei de boustop.

Trefwurden: 
iisfontein 11Fountains Dokkum
(advertinsje)
(advertinsje)