Aksje CDA en FNP Achtkarspelen tsjin hegere wetternota

21 des 2017 - 20:34
Kraanwetter - Foto: Omrop Fryslân, Karen Bies

De fraksjes fan CDA en FNP yn Achtkarspelen fersette harren tsjin de opleine oanslach op it drinkwetter. Ynwenners fan de gemeentes Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel binne jierliks tusken de 60 en 105 euro mear kwyt foar it drinkwetter. De hege rekkens dy't Wetterliedingbedriuw Vitens ferstjoerd hat, binne neffens de partijen prematuer, want de saak leit noch by de Hege Ried.

De FNP wol dat de gemeente Achtkarspelen de wetter-oanslach kompensearret. Boargers en bedriuwen moatte hoe dan ek net de dupe wurde fan de ferheging, fynt de FNP. Dêrom sille sy mei in foarstel ta kompensaasje komme. It CDA ropt de gemeenteried mei in moasje op om harren beslút foar de saneamde precariobelesting foar it wetterliedingbedriuw opnij te besjen.

Trefwurden: 
drinkwetterheffing Vitens
(Advertinsje)
(Advertinsje)