Rjochtbank: anty-plysje tatoeaazje is gjin mislediging

21 des 2017 - 20:22
Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

In Ljouwerter (40) mei tatoeaazjes yn de nekke fan it plysjelogo mei dêrûnder it wurd 'corrupt' hat him neffens plysjerjochter Bauke Jansen net skuldich makke oan it misledigjen fan de plysje. De man waard op 12 july troch de plysje fan hûs helle, omdat er by syn eks-partner in rút fernield hie. De tatoeaazje foel de plysje doe fuortendaliks op. Ien fan de plysjeminsken makke doe proses-ferbaal fanwege opsetlike mislediging. De offisier fan justysje gie yn dy redenaasje mei. Neffens him hie de Ljouwerter wite moatten dat sa'n tatoeaazje misledigjend is foar de plysje.

De plysjerjochter naam in oar beslút. Omdat de man fan hûs helle waard, koe er net witte dat de plysje komme soe. De man hie sadwaande net de kâns hân om de tatoeaazjes te bedekken mei klean. Der hat dêrom gjin sprake west fan opsetlike mislediging en sadwaande waard de Ljouwerter fan dizze fertinking frijsprutsen. Foar it fernielen fan de rút krige de Ljouwerter in selstraf op betingst fan ien wike. De Ljouwerter hat de foar de plysje misledigjende tatoeaazje yntusken ôfdekke litten troch in oare tatoeaazje.

Trefwurden: 
mislediging tatoeaazje
(Advertinsje)
(Advertinsje)