Minsken mei útkearing oan it wurk by Kijlstra

21 des 2017 - 19:23
Kijlstra - Foto: Omrop Fryslân, Douwe Boersma

Minsken mei in útkearing krije de kâns om by Kijlstra Personenvervoer oan de slach te gean. De kosten foar de oplieding wurde troch Kijlstra betelle. Op dizze wize wol it persoaneferfierbedriuw minsken mei in ôfstân ta de arbeidsmerk helpe. It bedriuw docht dit yn gearwurking mei Fryslân Werkt! Yn dit regionale wurkbedriuw ha de Fryske gemeenten, it UWV en de sosjale wurkpleatsen de krêften bondele.

Wethâlder Roel Haverkort fan Smellingerlân en direkteur Rudy Verwoert fan Kijlstra hawwe tongersdei de oerienkomst tekene foar de gearwurking tusken Kijlstra en Fryslân Werkt! Verwoert is der wiis mei: "Op deze manier kunnen wij als maatschappelijk betrokken bedrijf écht iets doen voor mensen in een uitkeringssituatie." De oerienkomst tusken Kijlstra Personenvervoer en Fryslân Werkt! sil benammen kânsen biede oan minsken mei in legere oplieding. Yn Fryslân hiene yn oktober 13.873 minsken in WW-útkearing. Trtitich persint dêrfan is leech oplaat. Foar harren is it net altyd maklik om wurk te finen.

Trefwurden: 
Kijlstra
(Advertinsje)
(Advertinsje)