Brânwacht warskôget foar risiko fan koalmonokside

21 des 2017 - 19:02

De Fryske brânwacht warskôget foar de gefaren fan koalmonokside. Dat is in gas dat yn hege konsintraasjes deadlik wêze kin. It komt frij as der wat mis giet by bygelyks in houtkachel of in CV-ynstallaasje. De measte minsken hawwe gjin apparaat yn hûs dat alaarm slacht by gefaarlik hege koalmonokside-konsintraasjes. Dat blykt út ûndersyk fan GGD Fryslân.

De GGD hat 800 Friezen frege oft se in koalmonokside-melder hawwe. In mearderheid fan de respondinten hat net sa'n melder. De brânwacht advisearret minsken om yn alle gefallen ien melder te ynstallearjen.

Trefwurden: 
koalmonokside brânwacht
(Advertinsje)
(Advertinsje)