Wurk oan Jouster fiadukt fertrage troch it wiete waar

By it knooppunt fan De Jouwer wurdt noch hieltiid drok wurke oan in nij fiadukt. Dat fiadukt komt op it plak dêr't earder de rotonde stie. It giet om de nije tagongswei nei De Jouwer fan de snelwei ôf. Dat der no noch oan wurke wurdt wie eins net de bedoeling, want it hie eins al klear wêze moatten. Neffens omjouwingsmanager Dirk-Jan Lepstra hat it waar de lêste tiid sa faak spulbrekker west, dat it wurk dêrtroch fertraging oprûn hat. Dêrtroch koe net al it wurk plakfine, lykas it laskjen fan it foly ûnder it nije fiadukt. Dat laskjen kin allinnich by drûch waar en mei net tefolle wyn. Boppedat moat de temperatuer by dat wurk boppe de fiif graden wêze.

It nije fiadukt moat ôf wêze, foardat it projekt fierder gean kin mei de ferfanging fan it Haskerfjildweifiadukt. Dy wurdt no tydlik brûkt as tagongswei nei De Jouwer. Foardat dêr mei úteinset wurde kin, moat it nije fiadukt dus klear wêze. Neffens de oarspronklike planning soe it folsleine projekt yn maart 2018 klear wêze moatte. Dy planning wurdt nei alle gedachten net helle.