Centraal Comité Harns hâldt op mei organisaasje simmermerke

21 des 2017 - 18:29

It centraal comité 1945 út Harns hâldt op mei de organisaasje fan de simmermerke. Dat evenemint is foaral bekend fan it Lanekeatsen, mar ek fan it strjitfestival en de stedskuiers. De organisaasje wie net mear op te bringen, trochdat de leden fan it komitee hieltyd âlder wurde. Boppedat wurde de easken dy't de gemeente oan eveneminten stelt hieltyd heger.

De frijwilligers fan it komitee woene eins ek ophâlde mei de organisaasje fan Keningsdei, fan 4 en 5 maaie, en fan de literêre Anton Wachterpriis, mar omdat de gemeente dêr no in lyts bedrach foar betellet, geane se dêr wol mei troch.

(Advertinsje)
(Advertinsje)