Jierplanke Eise Eisinga nei fearnsiuw wer beskildere

Nei 23 jier is tongersdei de jierplanke fan it Eise Eisinga Planeterium op 'e nij beskildere. De jierplanke is ien fan de kreatyfste stikjes fan it rêdwurk. De planke hat 23 jiertallen en wurdt dêrom ien kear yn de 23 jier foarsjoen fan in nije rige getallen. De planke is hjirfoar opnij beskildere troch restaurateur en dekoraasjeskilder Klaes Posthuma út Harns. Hy hat de planke 23 jier lyn ek opnij skildere.
Elk jier, op 31 desimber om 16:00 oere wurdt dizze planke automysk yn beweging brocht troch in spesjale spiker op it datumrêd. Yn acht oeren tiid skoot hy ien posysje op, sadat om middernacht wer it goeie jiertal te sjen is. Yn in ynstruksjeboek út 1784 hat Eise Eisinga hiel krekt beskreaun hoe't dit barre moat.

It Eise Eisinga Planetarium is it âldste noch wurkjende planetarium fan 'e wrâld. Dit krekt beweegjende skaalmodel fan it sinnestelsel waard makke troch wolkjimmer Eise Eisinga yn syn wenkeamer tusken 1774 en 1781. Alle planeten, de sinne, de moanne en stjerren bewege neffens de wurklikheid. Ek is eltse dei it goede tiidstip fan opkomst- en ûndergong fan de sinne te lêzen.