Ofslútdyk Wadden Center is oplevere

21 des 2017 - 17:49
De oplevering fan it besikerssintrum op de Ofslútdyk

It gebou Ofslútdyk Wadden Center is klear. Bougroep Dijkstra Draisma hat it gebou woansdei neffens planning oplevere oan de provinsje Fryslân. De kommende tiid wurdt noch fierder wurke oan de ynrjochting. Deputearre Klaas Kielstra is tefreden: "Der moat noch in soad dien wurde foardat wy klear binne om it publyk te ûntfangen, mar yn maart stiet hjir in prachtich sintrum dêr't besikers út binnen- en bûtenlân de ferhalen oer de Ofslútdyk en it Waad belibje kinne", seit Kielstra. De skiednis en de takomst fan de dyk, de fiskmigraasjerivier, de Waadsee en de Iselmar wurde yn it sintrum ferteld. It doel fan it projekt is it fuortsterkjen fan de toeristysk-ekonomyske struktuer troch ûntwikkeling fan de Ofslútdyk as wichtige toeristyske tagongspoarte foar Fryslân en Noard-Hollân.

De offisjele iepening fan it Ofslútdyk Wadden Center is op tongersdei 22 maart. Twa dagen letter giet it sintrum iepen foar publyk. Der wurdt ferwachte dat it Ofslútdyk Wadden Center sa'n 60.000 oant 100.000 besikers yn it jier lûke sil.

Trefwurden: 
besikerssintrum Ofslútdyk
(Advertinsje)
(Advertinsje)