Sven Kramer hat wol nocht oan massastart mei Koen Verweij

21 des 2017 - 17:32
Sven Kramer - Foto: ANP

Sven Kramer sjocht it wol sitten om tegearre mei Koen Verweij mei te dwaan oan de Olympyske massastart yn Pyeongchang yn Súd-Koreä. "Mar der is ien probleemke. Ik bin op dit ûnderdiel noch net oanwiisd, hy wol", sa sei Kramer tongersdei op de parsekonferinsje fan syn ploech yn Wolvegea. "As de karmasters tinke dat ik in bydrage leverje kin oan Olympysk goud foar Nederlân, dan sil ik dêr fansels alles foar dwaan."

Kramer seit der by dat goud op de 5 en 10 kilometer foar him it belangrykste doel is yn Súd-Koreä. "Pas dêrnei, yn de twadde wike, komt de ploege-efterfolging. De massastart stiet pas op de lêste sneon op it programma. It byt inoar sadwaande net. It programma is goed te dwaan", sa mient Kramer. Op de Olympyske iisbaan fan Gangneung komt Kramer mooglik ek noch út op de 1500 meter.

Kramer sei ek noch dat er 'gjin tel' wekker lein hat fan it wrâldrekôr dat Ted-Jan Bloemen op de 5 kilometer ried by de wrâldbekerwedstriden yn Salt Lake City. "6.01 is in knappe tiid. Ik hie myn wrâldrekôr graach hâlde wollen, mar dan hie ik sels nei Salt Lake gean moatten. It is sa't it is."

(Advertinsje)
(Advertinsje)