Protest team Clafis tsjin kânsmatriks KNSB ôfwiisd

21 des 2017 - 17:19

De geskillekommisje fan de KNSB hat it protest fan Team Clafis ôfwiisd. De ploech fan reedrider Jorrit Bergsma en coach Jillert Anema wie it net iens mei de seleksjefolchoarder foar de Olympyske Spelen. De KNSB brûkt dêr in spesjaal rekkenmodel foar: de kânsmatriks.

Neffens team Clafis is de matriks op it lêste momint oanpast en dat soe neidielich foar de ploech útpakke. Mar neffens de geskillekomisje is it proses folge lykas ôfpraat en mei de kommissje ek ôfwike fan 'e kânsmatriks.

(Advertinsje)
(Advertinsje)