Grutte fjildslach te sjen yn earste trailer Redbad

De earste teaser trailer fan it histoaryske epos Redbad is tongersdei online kaam. De film fan regisseur Roel Reiné fertelt oer de Fryske kening Redbad. Yn de iere midsiuwen stried hy mei help fan de Fikingen tsjin de kristenen dy't har leauwe yn de lege lannen oplizze woene. De cast en crew fan de film oer de Fryske kening wie earder dit jier yn natuergebiet de Alde Feanen. Dêr waarden ûnder oare spektakulêre opnamen makke fan fjochtsênes. En ek op It Amelân, en by Bakkefean wiene tsientallen Fryske figuranten aktyf om as midsiuwske strider te fjochtsjen foar harren kening. Yn de nije trailer kinne dizze figuranten foar it earst goed sjen wat harren wurk opsmiten hat.
Yn totaal moast de cast en crew fan de film 45 dagen filmje om alles op de rol te krijen. De film komt takom foarjier yn de bioskopen. De film wurdt produsearre troch Klaas de Jong, dy't ûnder oaren ek Michiel de Ruyter en de Kameleon op syn namme hat.