Súdwest-Fryslân hat 300 'top-keunstwurken' yn hûs

21 des 2017 - 17:02

Under de 2650 keunstwurken dy't yn besit binne fan de gemeente Súdwest-Fryslân sitte sa'n trijehûndert "topstikken". Dat docht bliken út it rapport Kunstbezit Súdwest-Fryslân' dat tongersdei oerlange is oan wethâlder Mirjam Bakker fan kultuer. In spesjale keunstkommisje hat sa'n oardel jier dwaande west om alle keunstwurken te ynventarisearjen. Dêr sitte ek sa'n 120 stikken by dy't no noch fan Littenseradiel binne. In tsiental topstikken is al yn brûklien oan it Fries Scheepvaart Museum yn Snits jûn.

In tal skilderijen en oare objekten moatte wol restaurearre wurde. "De wijze waarop is de verantwoordelijkheid van mijn opvolger", seit wethâlder Bakker. "Restauratie is een kostbare zaak. Het zou mooi zijn als we de collectie over tien jaar op orde hebben." In diel fan de kolleksje krijt in plakje yn it Bestjoershûs yn Snits, it nije ûnderkommen fan de gemeenteried.

(Advertinsje)
(Advertinsje)