Marieke Kamminga nije kommersjeel manager SC Hearrenfean

21 des 2017 - 16:32
Abe Lenstrastadion - Foto: Omrop Fryslân, Corneille Bitiri

Sportklup Hearrenfean hat in nije kommersjeel manager. It giet om de 37-jierrige Marieke Kamminga. Se hat ûnder oare by de SNS Bank wurke en by detasjearringsbedriuw Maandag. Kamminga folget Henk Bloemers op. Dy giet by de klup wei omdat er it net mei de lieding iens wêze soe oer it te folgjen belied. Bloemers wurke der noch gjin oardel jier.

Kamminga begjint op 1 jannewaris. Sy moat der neffens direkteur Eisenga foar soargje dat SC Hearrenfean de kommende jierren ek op kommersjeel mêd fierder trochgroeit.

(Advertinsje)
(Advertinsje)