Antea Group wurket oan problematyske Sileenske brêge

21 des 2017 - 16:12

It Feanster bedriuw Antea Group mei yn Sily meiwurkje oan de bou fan de dûbele baskulebrêge oer de rivier Cau Cau in Valdivia. It bedriuw hat de opdracht krigen fan it Sileenske ministearje. De brêge hie eins yn 2014 al klear wêze moatten, mar flak foar de oplevering waard dúdlik dat der technyske problemen wiene. De brêge wurdt no opnij ûntworpen en berekkene. Antea Group sil yn it projekt gearwurkje mei it Sileenske yngenieursbedriuw LEN Y Asociados.

Neffens Antea Group is it projekt in kâns foar it bedriuw om bûten Nederlân sjen te litten dat se goed wurk leverje kinne op it mêd fan brêgebouwen.

Trefwurden: 
Antea Group Sily
(Advertinsje)
(Advertinsje)