Fryske plysje nimt yn 2017 210 rydbewizen yn beslach

21 des 2017 - 16:03

De Fryske plysje hat it ôfrûne jier al 210 rydbewizen yn beslach naam. Dat is hast alle dagen ien. It giet om minsken dy't mear as 50 kilometer te hurd ride. Sa waard ôfrûne moandei noch in Harnzer oanhâlden dy't mei 218 kilometer de oere oer de Ofslútdyk ried. Hans Zwart fan it team ferkear fan de plysje Noard-Nederlân neamt de sifers skokkend. Neffens him hawwe de minsken mar kwealik troch hoe gefaarlik oft autoride mei in hege snelheid wol net is.

Ek binne dit jier wer in soad boeten útskreaun foar it brûken fan de telefoan efter it stjoer. By in kontrôle ferline wike waarden allinnich al 56 minsken trappearre. De boete foar it yn de hân hawwen fan in telefoan is 230 euro.

Trefwurden: 
rydbewiis te hurd ride
(advertinsje)
(advertinsje)