Hayo Apotheker waarnimmend boargemaster Waadhoeke

21 des 2017 - 15:44

De nije gemeente Waadhoeke begjint op 1 jannewaris mei Hayo Apotheker (67) as waarnimmend boargemaster. Kommissaris fan de Kening Arno Brok hat him tongersdei yn dy funksje beneamd. Dat is bard nei oerlis mei de beëage fraksjefoarsitters fan de nije gemeenteried. Oant 1 jannewaris is Apotheker noch boargemaster fan Súdwest-Fryslân. Dêr hat er krekt ôfskied nommen. Súdwest-Fryslân krijt der yn it nije jier fyftjin doarpen út de gemeente Littenseradiel by en makket dan in nije start mei in nije ried en in nij kolleezje. Apotheker fûn dat in gaadlik momint om romte te meitsjen foar in opfolger.

Yn Waadhoeke is neffens kommissaris Brok ferlet fan in boargemaster mei ûnderfining dy't bekend is mei weryndielings. Hayo Apotheker foldocht hielendal oan dat profyl. Mei 36 tsjinstjierren is de D66'er de langstsittende boargemaster fan Nederlân. Hy makke earder weryndielings mei yn Muntendam/Menterwolde yn Grinslân, yn Steenwijkerland yn Oerisel en as lêste yn Súdwest-Fryslân.

De gemeenten It Bilt, Frjentsjerteradiel, Menameradiel en in part fan Littenseradiel fusearje op 1 jannewaris ta de gemeente Waadhoeke. Kommissaris Brok sil yn 2018 yn de mande mei de nije gemeenteried op syk nei in nije kroanbeneamde boargemaster. Apotheker bliuwt yn funksje oant de nije kroanbeneamde boargemaster begjinne kin.

Trefwurden: 
SWOV Waadhoeke Hayo Apotheker
(advertinsje)
(advertinsje)