Omrop TIP: Amelân; in eilân yn beweging

23 des 2017 - 10:02

It Amelân is mear as in populêre fakânsjebestimming tusken it Waad en de Noardsee, dêr't jierliks tsientûzenen minsken harren fakânsje fiere. Op de grins fan see en it eilân besykje grutte oantallen fûgels te oerlibjen en harren piken grut te krijen.

Hoeders

Richard Kiewiet bewekket oer in jong natuergebiet dat dynamysk meibeweegt op it ritme fan it tij en Theo Beijaard, de motorisearre hoeder fan De Vennoot, hâldt de wacht oer it fee op it Neerlands Reid; in grutte kwelder op de eastkant fan it eilân.

Natuerkrêften

It wurdt se net maklik makke mei hieltyd rûger foarjierswaar en de gefolgen fan in hast leechpompte gasbel. Op in plak dêr't skynber allinnich natuerkrêften hearskje, fertelle eilanners oer harren wurk yn it midden fan dat krêftfjild. Dat alles is te sjen tsjin de eftergrûn fan in ryk waddedekôr, dêr't de natuer alle dagen lytse en grutte wûnderen sjen lit.

De Fryslân DOK dokumintêre 'Amelân; in eilân yn beweging' is op snein 24 desimber om 17.00 oere en dêrnei fan 18.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân op telefyzje te sjen.

Trefwurden: 
It Amelân Fryslân DOK
(advertinsje)
(advertinsje)