Omrop siket nei Friezen mei langstme

21 des 2017 - 17:55

Wannear langje jo it meast nei thús? Dy fraach stelt programmamakker Miranda Werkman oan Friezen oeral op 'e wrâld foar it projekt Friezen om utens. It projekt is ûnderdiel fan Lân fan taal/LF2018. It projekt giet yn febrewaris yn premjêre. Miranda wol no ek graach witte fan de Friezen hjir wannear't se it meast nei thús langje. Underoan dit artikel fine jo mear ynformaasje oer hoe't jo bydrage kinne oan it projekt.

Kinst koart fertelle watfoar projekt it krekt is?

Jawis. Ik ynterview fia Skype of Facetime Friezen oer de hiele wrâld. It giet om it momint dat se it meast nei thús langje. Mar it draait tagelyk ek om wat se dêr no dogge, hoe't se har dreamen besykje wier te meitsjen. Hoe't it kontakt mei it heitelân feroaret.

Fia Facetime of Skype? Giest der net hinne dus?

Nee, spitigernôch flean ik net oeral hinne. Haha. Dan soe it ek wol hiel djoer wurde. Fia Facetime of Skype kin ik ek oeral kontakt lizze. Al is in goede ynternetferbining wol wichtich. Minsken filmje ek sels. Mei de mobyl lizze se sels fêst hoe't se wenje, wêr't se graach komme meie en krije wy hjir in byld fan hoe't se dêr wenje. Ik filmje ek mei de mobyl en dat mei-inoar wurde filmkes, mei somtiden wat in poëtysk karakter. Alteast, dat is myn bedoeling.

Wat binne de ferhalen oant no ta ?

It binne allegearre persoanlike ferhalen. De ien begjint in kemping nei't hy syn hiele libben hjir al fan dreamd hat. De oar wrakselet mei it feit dat de bern net wolle dat mem Frysk praat. Wer in oar freget har ôf oft se no har oplieding fergriemt troch hiel wat oars yn it bûtenlân te dwaan.

Wat is de oerienkomst tusken al dizze minsken dan?

De fraach; wannear langest it meast nei thús? It antwurd is dochs faak op de drege mominten. As der ien ferstjert. As it efkes tsjinsit. Mar ek by it fieren fan je jierdei. No't ik der sa oer neitink; it giet dus altyd oer kontakt mei de minsken dy't 'efterbliuwe'.

Wat wolst do no witte fan de Friezen yn Fryslân?

Wannear't sy langje nei thús. Ik wol takom jier dy fraach ek stelle oan de besikers fan LF2018. Ik haw besikers op de Uitmarkt yn septimber fan dit jier der ek nei frege. Ik krige tige moaie antwurden; "as ik by myn soan west haw dy't it swier hat, moat ik wer efkes nei myn eigen hûs". Of as je wat yngewikkelds dwaan moatte foar jo wurk.

Ok, dan leit de lêste fraach foar de hân...

Wannear't ik it meast nei thús langje seker? Haha. No, ik wit noch hiel goed dy kear dat ik as begelieder mei wie op bernekamp en allegearre bern moete dy't it, litte we sizze, thús dreech hiene. Ferwaarleazing, misbrûk, geweld. Doe woe ik hiel graach nei myn âlderlik hûs, dy nêstwaarmte fiele. Dat is it moaie fan dit projekt. It giet oer wêr't je weikomme, wat je meikrigen hawwe en wat je dêrmei dogge.

Foar mear ynformaasje oer it projekt kinne jo telâne op in spesjale webside.

(advertinsje)
(advertinsje)