Kameleonboat fan Kameleondoarp is poater

21 des 2017 - 14:51
De Kameleon is poater - Foto: Omrop Fryslân

De Kameleonboat fan it Kameleondoarp yn Terherne is woansdei fuortnommen. De boat lei net yn Terherne, mar yn in loads yn Hartwert, omdat er brûkt wurdt foar de nije Kameleonsearje fan Steven de Jong. De minsken fan it Kameleondoarp hâlde it der op dat it om in âldjiersfyt giet. Mar se binne der net bliid mei. It skopt eveneminten yn 'e war dy't it Kameleondoarp pland hie.

De dieders krije oant sneontemiddei tolve oere de tiid om de boat werom te bringen. As dat net bart, docht it Kameleondoarp oanjefte fan de stellerij by de plysje.

(advertinsje)
(advertinsje)