Antonius slút kontrakten mei de measte fersekerders

It Antonius sikehûs yn Snits © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Minsken dy't soarch nedich hawwe, kinne takom jier mei de measte fersekeringen wer nei sikehûs Antonius yn Snits. De soarchgroep hat mei de wichtichste soarchfersekerders kontrakten ôfsletten. Allinne foar inkelde budzjetpoalissen is gjin kontrakt tekene.
Ek foar de thússoarch hat Antonius mei de measte fersekerders in akkoart berikt. Dat jildt lykwols net foar alle budzjetpoalissen. It grutste part fan de pasjinten fan Antonius hat in soarchfersekering by De Friesland of by Zilveren Kruis. Ofrûne wike is ek mei dy lêste in kontrakt ôfsletten.