Meiwurkers De Friesland fiere wer aksje tsjin fúzje

Meiwurkers fan soarchfersekerder De Friesland stienen tongersdei oan it begjin fan de middei op it plein foar harren bedriuw. It is in protest tsjin de foarnommen fúzje mei soarchfersekerder Zilveren Kruis, oplein troch memmebedriuw Achmea. De fakbûnen binne fûl op de fúzje tsjin en hienen Achmea in ultimatum steld. Dat rint tongersdei ôf. Oant no ta hawwe de fakbûnen noch gjin reaksje krigen.

Ek de gemeente Ljouwert stiet achter de aksje fan it personiel fan soarchfersekerder De Friesland om selsstannich te bliuwen. De ûndernimmingsried fan De Friesland stapt op 11 jannewaris nei de rjochter. Dy sil dan syn oardiel jaan oer de fúzjeplannen.