Fjouwer wiksels by Sportklup Cambuur

21 des 2017 - 12:34

Cambuur-trainer Sipke Hulshoff kiest foar de wedstriid tsjin Helmond Sport foar fjouwer oare basisspilers. Nigel Robertha, Furdjill Narsingh, Sai van Wermeskerken en Bryan Smeets begjinne freed tsjin Helmond Sport net yn de basis. Smeets sit ek net by de seleksje; hy hat yn de bekerwedstriid tsjin GVVV in ljiskblessuere oprûn. Jordi van Deelen, Martijn van der Laan, Kevin van Kippersluis en Martijn Barto begjinne wol yn de basis.

''Fjouwer frisse jonges''

"Dizze opstelling hie ik al foar de bekerwedstriid yn de holle", sa sei trainer Sipke Hulshoff. "Fjouwer frisse jonges deryn, dat is in goeie saak.'' Mei it basisplak fan Van der Laan bestiet de mooglikheid dat oanfierder Robbert Schilder in liny opskoot. "Dat kin, mar wy hawwe op twa systemen traind. Ik wol dêr fierder neat oer sizze'', fertelt Hulshoff.

Lêste wedstriid as trainer

Hulshoff is troch de direksje ek net benadere om it seizoen as haadtrainer ôf te meitsjen. Hy tinkt dat de wedstriid freed tsjin Helmond Sport syn lêste is as haadtrainer yn dit seizoen. Nei it ûntslach fan Marinus Dijkhuizen hat Hulshoff noch net in wedstriid ferlern mei Cambuur en slagge hy deryn him te pleatsen by de lêste acht fan it bekertoernoai.

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)