Gemeente Harns krijt in nije sekretaris

21 des 2017 - 12:31
It gemeentehûs fan Harns - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De gemeente Harns hat in nije gemeentesekretaris. Saskia van den Broek wurdt de opfolger fan Jornt Ozenga, dy't nei de gemeente Heemskerk giet. Van den Broek is no noch oan it wurk as ôfdielingsmanager by de feilichheidsregio. Se begjint yn febrewaris mei har nije funksje.

Se hat in soad ûnderfining op it mêd fan ûntwikkeltrajekten. Dy ûnderfining set se neffens har graach yn om Harns fierder groeie te litten as selsstannige gemeente.

(Advertinsje)
(Advertinsje)