Magda Berndsen waarnimmend boargemaster fan Súdwest-Fryslân

21 des 2017 - 12:07

Magda Berndsen wurdt fan 1 jannewaris 2018 ôf waarnimmend boargemaster fan de gemeente Súdwest-Fryslân. Berndsen siet earder foar D66 yn de Twadde Keamer. Dêrfoar wie se fjouwer jier korpssjef fan de Fryske plysje en wie se boargemaster fan de gemeente Opdam en Beverwijk. Kommissaris fan de Kening Arno Brok sjocht yn Berndsen in ''mensgerichte en coachende bestuurder die boven de partijen staat''. Se foldocht neffens Brok oan de profylskets dy't de nije gemeenteried opsteld hat.

Hayo Apotheker is op it stuit noch boargemaster fan Súdwest-Fryslân. Hy giet op 1 jannewaris mei pensjoen. Berndsen bliuwt oant der in nije boargemaster fûn is. Dy proseduere set ynkoarten útein.

(Advertinsje)
(Advertinsje)