Soad besikers foar Fries Museum en Princessehof

21 des 2017 - 11:46
De minsken stean yn de rige foar de kassa's foar Alma-Tadema - Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

It Fries Museum en it Keramykmuseum Princessehof yn Ljouwert sjogge beide werom op in goed jier. Yn 2017 telde it Fries Museum 145.000 besikers, folle mear as de 100.000 dêr't yn it foar oan tocht wie. Grutte publykslûkers binne de tentoanstellingen oer Alma Tadema en Mata Hari. By Alma Tadema kamen yn totaal 158.000 besikers, wêrfan it grutste diel yn 2016. Mata Hari luts oant no ta 37.000 besikers.

It Keramykmuseum hellet dit jier 35.000 besikers. Dat die it museum yn tsien moannen tiid, om't it museum twa moannen ticht wie foar in ferbouwing. Besikers wurdearje de nije ynrjochting mei in acht. Tegearre soargen de beide musea foar hast 30.000 ekstra hoteloernachtings.

(Advertinsje)
(Advertinsje)