Camperbrân Kollumersweach nei alle gedachten oanstutsen

De plysje ûndersiket ek de oarsaak fan de oare brân. © De Vries Media
Ien fan de brannen yn Kollumersweach it ôfrûne wykein is nei alle gedachten oanstutsen. Dat seit de plysje tongersdei. It giet dan om de brân yn de camper oan de Pieter Postmastrjitte. Ut ûndersyk docht bliken dat der gjin technyske oarsaak wie foar de brân. De plysje tinkt dan ek dat it fjoer oanstutsen is.
Njonken de camper gie ek it Lichtpunt yn Kollumersweach sneon yn flammen op. Dizze brân wie sa fûl dat der gjin oarsaak efterhelle wurde kin. It fjoer en de ynset fan in sjofel by de bluswurksumheden hawwe alle spoaren ferneatige. Wol neamt de plysje it 'op zijn minst opvallend' dat der twa brannen sa koart efterinoar yn it doarp wienen.