Akkrum stapke tichterby eigen sinnepark

21 des 2017 - 10:59

It sinnepark fan de lokale enerzjykoöperaasje Duurzaam Akkrum Nes (DAS) is in stap tichterby kaam. It park moat komme oan de noardkant fan Akkrum, tusken it spoar en de sneldyk A32. Dy grûn is yn eigendom fan it Rijksvastgoedbedrijf. De gemeente Hearrenfean hat it Rijksvastgoedbedrijf no frege om de gemeente saneamd opstalrjocht oer it terrein te jaan. Dat makket it mooglik foar de gemeente om de grûn op syn beurt te ferhieren oan DAS.

Hearrenfean hat earder oanjûn dat se it mooglik meitsje wol dat elk doarp in eigen sinnepark krije kin.

Trefwurden: 
sinnepark enerzjy Akkrum
(advertinsje)
(advertinsje)