Beswier gemeente It Hearrenfean tsjin gaswinning

De gemeente It Hearrenfean is it net iens mei it ûntwerpbeslút fan de minister fan Ekonomyske Saken om gaswinbedriuw Vermilion tastimming te jaan foar it winnen fan gas ûnder It Hearrenfean. Minister Eric Wiebes is mei dit earste beslút foarby gien oan de noed ûnder de bewenners oer de gaswinning. Benammen yn de wenwyk Skoatterwâld binne minsken benaud foar mooglike boaiemdelgong troch de gaswinning.
De gemeente hie de minister earder advisearre net akkoart te gean mei de gaswinning fanút de put by Langsweagen. De gemeente hopet no dat de minister dit beswier yn syn definitive beslút wol meinimme sil. Docht de minister dit net, dan is der neffens It Hearrenfean altyd noch berop mooglik by de Ried fan Steat.