Dit jier 22 ferkearsdeaden yn it Fryske ferkear
Yn it Fryske ferkear binne dit jier oant no ta 22 ferkearsdeaden fallen. Ferline jier wienen dat der 32. Op gemeentlike diken foelen 14 deaden. Opfallend is dat it benammen giet om iensidige ûngelokken.
Benammen yn de lêste trije moannen kamen der in soad minsken om it libben yn it ferkear. In oarsaak is dêr net foar te jaan.