Wurkleazens yn Fryslân ôfnommen, stiging op de eilannen

21 des 2017 - 08:24

It tal wurkleazen yn Fryslân is ek yn novimber wer ôfnaam. Dat docht bliken út sifers fan it UWV. De delgong fan it tal útkearingen wie ûngefear in heal prosint, yn fergelyk mei in moanne earder. Ein novimber telde Fryslân sadwaande noch 13.797 wurkleazen. Dat is 4,1 persint fan de beropsbefolking. Yn oktober wienen dat der noch 13.873.

Yn it grutste part fan de Fryske gemeenten naam de wurkleazens ôf, mar benammen op de eilannen is dy just tanommen. Dat hat dermei te krijen dat it tal banen yn de hoareka op de eilannen yn de winterperioade ôfnimt. Ek yn de lânbousektor moasten mear minsken yn novimber in útkearing oanfreegje.

Trefwurden: 
wurkleazens UWV Fryslân
(Advertinsje)
(Advertinsje)