Meldkeamer plysje ferhuze

01 nov 2011 - 06:07

De meldkeamer fan Ljouwert is ferhuze nei Drachten. Der is noch oerwage om de ferhuzing op in oare dei te dwaan om't der moandei in grutte brân wie yn Ljouwert. Uteinlik soarge dy brân foar in fertraging fan de ferhuzing fan in pear oeren. Yn stee fan om 12 oere waard om 3 oere it wurk oernaam troch de meldkeamer yn Drachten. By dy nije meldkeamer komme alle meldings foar plysje, brânwacht en ambulânse binnen foar Fryslân, Drinte en Grinslân.

Trefwurden: 
plysje meldkeamer
(Advertinsje)
(Advertinsje)