Wenning yn Snits skansearre troch brân yn keuken

21 des 2017 - 06:35

In hûs oan de Schierstins yn Snits hat woansdeitenacht flinke skea oprûn troch in brân yn de keuken. Dy ûntstie yn de ôfwaskmasine. De brânwacht krige krekt foar ienen in melding, en doe't de brânwachtminsken te plak wienen, kaam der in soad reek út de wenning.

It fjoer bleau beheind ta de keuken, dy hat wol aardich wat skea oprûn. Foar de wissichheid waard ek noch in ambulânse oproppen. De beide bewenners moasten nei it sikehûs, om't se reek binnen krigen hienen.

Trefwurden: 
Snits brân brânwacht
(Advertinsje)
(Advertinsje)