PvdA Tytsjerksteradiel wol gjin hegere belesting drinkwetter

20 des 2017 - 23:25

De PvdA wol gjin lêsteferheging op it drinkwetter yn Tytsjerksteradiel. Op dit stuit is der ûnrêst yn dizze gemeente oer in faktuer fan Vitens fan 100 euro yn it jier de húshâlding foar belesting op drinkwetter. De PvdA wol yn de riedsgearkomste fan tongersdei mei it kolleezje der fierder oer prate.

(advertinsje)