Bestelbus yn 'e brân op A31, dyk skoftke ôfsletten

20 des 2017 - 23:21
Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De dyk fan Harns nei Ljouwert hat woansdeitejûn krekt foarby Dronryp in skoftke hielendal ôfsletten west, fanwege in autobrân. Der fleach in bestelbus yn 'e brân. Hoe't dat barre koe, is noch net dúdlik. De brânwacht hie it fjoer nei in healoere út, mar koe de dyk doe noch net frijjaan. Op it stuit is der ien rydstrook iepensteld, sadat it ferkear fan Harns nei Ljouwert der stadich del kin.

De bestjoerder fan de bus siet mei syn hûn yn de wein. By de brân is dizze Mechelske harder ûntsnapt. Hy waard op de dyk oanriden en hat it net oerlibbe. De bestjoerder is net ferwûne rekke.

(Advertinsje)
(Advertinsje)