Kuorballers Akkrum moatte harren omklaaie yn partytinte

20 des 2017 - 22:58

Keatsferiening Us Keatsen en kuorbalferiening Mid-Fryslân yn Akkrum wolle in nije eigen akkommodaasje. De twa sportferieningen wurde op it stuit ûnderbrocht oan de efterkant fan de Brede Skoalle yn it doarp. Dit is yn harren eagen net geskikt as sportakkommodaasje.

Partytinte as klaaikeamer

De kantine is eins in berne-opfang en der binne mar twa klaaikeamers. Neffens Trea van der Kooi fan de kuorbalferiening is dat fierstente min. "Op in sneon rinne hjir 120 bern op it sportfjild en dy passe net allegearre yn twa klaaikeamers. De kuorballers fan de thúsploech moatte dêrom omklaaie yn in partytinte."

Sportfjilden mei agraryske bestimming

De sportferienigingen binne al jierren dwaande om in nije akkommodaasje by de sportfjilden te krijen. Dat dit noch net slagge is, komt foar in belangryk diel, omdat de sportfjilden op grûn steane mei in agraryske bestimming. Neffens Bart Dikkerboom fan de keatsferiening is dat in flater fan de eardere gemeente Boarnsterhim.

Der binne yntusken riedsfragen steld oer de situaasje yn Akkrum. Yn jannewaris sil it kolleezje fan B en W fan de gemeente Hearrenfean mei antwurden komme.

Trefwurden: 
Akkrum sportakkommodaasje
(Advertinsje)
(Advertinsje)