Aris wint fan BV Grins en giet troch nei kwartfinale

20 des 2017 - 22:37
Foto: Omrop Fryslân

De basketballers fan Aris ha woansdeitejûn har útwedstriid tsjin BV Grins wûn mei 86-57 en gean troch nei de kwartfinale om de beker. Al nei sân minuten stie Aris op in 26-15 foarsprong. It earste kwart einige yn 31-19 mei Lietmeijer as de grutte puntemakker. Kratch naam letter yn de wedstriid dizze rol fan him oer. De wedstriid ferrint yn heech tempo en nei it twadde kwart stiet it 52-30 foar de Ljouwerters. Dy toan wurdt fuortset nei rêst en fia in stân fan 67-43 nei it tredde kwart wit Aris úteinlik de winst te pakken en in plakje yn de kwartfinale te bemachtigjen.

Iennichste minpuntsje wie dat flak foar de ein fan de wedstriid Lietmeijer mei in ankelblessuere nei de kant moast. It is net bekend oft hy meispylje kin yn de kwartfinale.

Trefwurden: 
Aris basketbal
(advertinsje)
(advertinsje)